Fytser ûnder auto yn Drachten

© Omrop Fryslân
In 25-jierrige fytser is freed ferwûne rekke op de Noarderhegewei yn Drachten. De man stuts de dyk oer by in fytsoerstekplak. It ferkear op de earste baan stie stil, en sadwaande hie de man gjin sicht op de oare baan.
De fytser tocht dat er der wol del koe. Mar doe't er dat die, kaam er ûnder in auto. Dy auto waard bestjoerd troch in 63-jierrige man út Drachten. De fytser hie in gat yn de holle. Hy is nei it sikehûs yn Drachten brocht.