Bokje Koatstertille is werom

20 maaie 2006 - 15:45

It bokje dat moandei ferdwûn út in kampke lân yn Koatstertille, is werom. It bistke wie de freed dêrfoar berne, mar wie op moandei ynienen fuort. Eigner Catrinus Nicolai skeakele dêrop de media yn. Boppedat hong er oeral yn it doarp Koatstertille posters op.

Foar eigner Nicolai hat it bist in emosjonele wearde omdat er neamd is nei it soantje Jurjen fan freonen dat ferline jier ferstoarn is. It bokje is no werom en noch goed sûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)