Underskiedings yn Twizelerheide

20 maaie 2006 - 15:40

Twa ynwenners fan Twizelerheide binne freedtejûn beneamd ta lid yn de oarder fan Oranje Nassau. It giet om de 77-jierrige Geert Alma en de 55-jierrige Marten van der Veen. Boargemaster Lyklema fan Achtkarspelen spjelde de manlju de ûnderskieding op.

Beide manlju ha har jierrenlang ynset by Pleatslik Belang en ha har ek op oare wize ynset foar de mienskip. De boargemaster kaam de manlju oer it mad by it ôfskie fan Pleatslik Belang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)