Acht bekeurings by drankkontrôle

20 maaie 2006 - 14:34

By drankkontrôles yn Frjentsjer en Harns binne freedtejûn, freedtenacht en sneontemoarn acht bekeurings útskreaun. De automobilisten wiene mei te folle alkohol op achter it stjoer stapt. Der waarden mei inoar 300 bestjoerders kontrolearre.

Alve fan harren moasten mei nei it plysjeburo. Twa automobilisten hiene safolle op dat se it rydbewiis ynleverje moasten. De kontrôle gong út fan de plysje, 3VO en Rykswettersteat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)