Ekstra rydstrook Drachtsterbrêge

20 maaie 2006 - 12:32

De busbaan op de Drachtsterbrêge wurdt feroare yn in ekstra rydstrook. Der wurdt fan moandei ôf wurke oan de dyk. De Drachtsterbrêge giet dan nachts ticht foar ferkear dat de stêd yn moat. It ferkear wurdt omlaat fia de Werpsterhoek en Overijsselsestrjitwei. Fytsers kinne wol gewoan de brêge oer.

De ferwachting is dat de ekstra rydstrook op 1 juny klear is. Troch de nije strook moat it ferkear better trochstrome kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)