Wurkleazens folle leger
De wurkleazens yn Fryslân is goed 7% leger as ferline jier. It giet yn alle noardlikke provinsjes better mei de wurkgelegenheid. Fryslân springt der út mei de heechste ôfname fan de wurkleazens. It CWI hat freed de nije wurkleazenssifers bekind makke. Der binne mear minsken oan it wurk om't it goed giet mei de ekonomy.
Fryslân hat relatyf in soad boubedriuwen. Dy fernimme it gau at it goed giet mei de ekonomy.