Deadlik ûngelok yn Aldeboarn

20 maaie 2006 - 08:49

Op it terrein fan oannimmersbedriuw Knol yn Aldeboarn hat oan de ein fan de moarntiid in slim ûngelok plakfûn. In 43-jierrige meiwurker fan it bedriuw is ûnder in gyk fan in kraan terjochte kaam.

De man, in ynwenner fan Aldeboarn, hat it ûngelok net oerlibbe. It slachtoffer wie dwaande om in hyskraan ôf te brekken. In kuiertocht dy't pland stie foar freedtejûn, de Twa fan Aldeboarn, giet no net troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)