Koudum kandidaat foar priis

© Omrop Fryslân
Koudum is dit jier de Nederlânske kandidaat foar de Europeeske doarpsfernijingspriis. Yn totaal dogge der 30 doarpen út 11 lannen mei oan de twajierlikse ferkiezings. Freedtemoarn krigen de Koudumers de trijekoppige sjuery op besite út Eastenryk.
Mei in film oer de doarpsfernijing, in besite oan MFC De Swel en in kuiertocht troch it sintrum, besochten de Koudumers de sjueryleden foar har te winnen.