Noch ien kâns jeugd Noardwâlde

© Omrop Fryslân
De jongeren fan Noardwâlde krije noch ien kâns en komme ûnder stranger tafersjoch te stean. Dat is de útkomst fan in petear tongersdeitejûn tusken de jongeren en de stifting Wolwêzen fan Weststellingwerf.
Dy hie de jeugd op it matsje roppen fanwege de fernielings dy't oanrjochte binne yn de leechsteande skoalle, dêr't it jeugdhonk ynsit. De groep fan sa'n 15 man hat sein dat se spyt ha fan de fernielings.