Leechsteande skoalle fernield

19 maaie 2006 - 11:52

Yn Noardwâlde binne fernielings oanrjochte yn 'e Renbaanskoalle. Yn it leechsteande gebou binne doarren, muorren, plafonds en ferljochting fernield. Wa't derachter sitte is noch net dudlik, mar it wurdt net útsletten dat jongeren it dien ha. Yn ien fan de lokalen wurdt op it stuit in tydlik jeugdhonk boud, mei de jeugd. It honk sels is net fernield en soe ien dizze dagen iepene wurde, mar dat is no útsteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)