Byles troch NHL-studinten

19 maaie 2006 - 11:50

Goed 40 eksamenklassers ha de ôfrûne wiken fergees byles krigen fan studinten fan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert. Ekonomy en wiskunde wiene de fakken dêr't de measte eineksamenkandidaten bylessen foar folge ha.

It is foar it earst dat de Ljouwerter hegeskoalle syn studinten bylessen jaan lit oan eksamenklassers. It projekt wurdt dizze wike evaluearre en krijt mooglik in ferfolch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)