Op 'e nij krisis Menameradiel

19 maaie 2006 - 11:02

De ried fan Menameradiel wol PvdA riedslid Hans Flaman net as wethâlder. Tongersdei makke ynformateur Jo Bosma bekend dat der oerienstemming wie oer in nij kolleezje fan PvdA, FNP en Grien Links. Yn de riedsseal die letter bliken dat in mearderheid Flaman net sitten sjocht.

Der is sa'n bytsje fertrouwen yn de Flaman om't er earder sei gjin wethâlder wurde te wollen. De PvdA moat no op syk nei in nije kandidaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)