Trochriden nei ûngemak

19 maaie 2006 - 10:37

In 14-jierrige fytsster is tongersdeitemoarn op de Hearewei op It Hearrenfean skept troch in automobilist yn in reade VW. De bestjoerder fan de auto hie de bocht wat te rom naam en rekke hjirtroch de achterkant fan de fyts fan it famke.

De fytsster foel en har fyts en skoaltas rekken skansearre. De automobilist is trochriden en hat net omsjoen nei it slachtoffer. It famke rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)