ICT smyt trije tûzen banen op

© Omrop Fryslân
Nije ICT-projekten yn Fryslân moatte yn twa jier tiid goed 3-tûzen banen opsmite. Dat sei direkteur Yoram Krozer fan it Cartesius Ynstitút op in byienkomst yn Ljouwert.
Troch mear minsken op it plattelân of op de eilannen mei ynternet wurkje te litten, ûntstiet der mear romte foar wurkgelegenheid. De banewinst sit foar in grut part ek yn it wurk dat ûntstiet foar de programmateurs dy't programma's ûntwikkelje moatte.