Gemeente wol sporthal slope

18 maaie 2006 - 23:40

De Hertog van Saxenhal yn Frjentsjer moat sloopt wurde. Dat wol it kolleezje fan B en W fan de gemeente Frjentsjerteradiel. De hal is ferbûn mei de keatshallen 'de Trije'. It kolleezje fynt renovaasje te djoer. De kosten dêrfan binne 350-tûzen euro.

Oan de oare kant fan de Trije komt in nije sporthal mei romte foar 4 oefenflieren. De kosten fan dat projekt lizze om de 2,5 miljoen euro hinne. Dêr is noch gjin jild foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)