EduFrysk: on-line Frysk leare

18 maaie 2006 - 15:16

De provinsje hat jild útlutsen foar it ûntwikkeljen fan on-line kursussen Frysk. Dit betsjut dat kursisten op eigen plak en tiid Frysk leare kinne, ek bûten Fryslân en yn it bûtenlân. De ferwachting is dat it tal dielnimmers oan kursussen Frysk hjirtroch tanimt.

Der komme sawol on-line kursussen foar folwoeksenen as foar skoalbern. Oan it projekt sille studinten fan de ôfdieling kommunikaasje en multimedia fan de NHL meidwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)