Mear skoalfersom yn Drachten

18 maaie 2006 - 14:02

It skoalfersom yn Smellingerlân nimt ta. Dat docht bliken út sifers fan de gemeente. Benammen op VMBO-skoallen bliuwe mear bern fuort. It tal meldings fan skoalfersom naam yn 2005 ta fan 200 oant 235.

Takom skoaljier begjint yn Drachten in spesjaal projekt om it skoalfersom op de VMBO-skoallen werom te bringen. Learplichtamtners sille gauwer yn aksje komme as in bern net op skoalle ferskynt. Ek âlders wurde benadere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)