Man komt om op Iselmar

© Omrop Fryslân
By in ûngelok op in sylboat op de Iselmar is woansdei in 57-jierrige man út Harich om it libben kaam. De boat fan de man waard dobberjend ûnder de kust fan Hylpen oantroffen troch in frachtskip.
De skipper fan it frachtskip warskôge de rêdingsmaatskippij. Oan board waard it slachtoffer dea fûn. Nei alle gedachten is de man fallen. It ûndersyk nei de krekte deadsoarsaak is oerdroegen oan de wetterplysje.