Wurk oan 'e dyk yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De plannen fan Rykswettersteat om in grutte slach te slaan mei it ûnderhâld fan de autodiken yn Nederlân, hawwe ek gefolgen yn Fryslân. Op trije plakken wurdt de kommende wiken oan de dyk wurke. Yn it foarste plak giet it om de ferdûbeling fan de Wâldwei.
Kommend wykein wurdt de N31 tusken Marsum en Boksum opknapt. De dyk is dan ofsletten. Yn juny binne der wurksemheden op de A31 tusken Frjentsjer en Dronryp.