Steigers yn byld by 112

18 maaie 2006 - 12:07

Alle Marrekrite steigers krije in sichtber ydentifikaasjenûmer dat it ferskil meitsje kin tusken libben en dea. De helptsjinsten moatte no noch wolris sykje by in ûngemak op of by in steiger fan it rekreaasjeskip.

De Marrekrite lisplakken krije no allegear in eigen nûmer, dat ek by 112 bekend is. Minsken hoege allinich dat nûmer troch te jaan. It nije nûmersysteem giet op himelfeartsdei yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)