Ynstimming oer Sintrale As

18 maaie 2006 - 10:35

In grutte mearderheid fan de Steaten ha ynstimd mei it foarkarstrasee fan de Sintrale As. Dat is de dyk fan Dokkum nei de Wâldwei by Nyegea. Der wurdt earst in bedrach fan 15 miljoen euro útlutsen foar de tariedings.

Ek it trajekt foar in rûnwei om Garyp hinne wurdt fierder útwurke, mar der is noch wol wjerstân fan boeren dy't lân ôfstean moatte. De Steaten ha fierder grien ljocht jûn foar it foarkarstrasee fan de Heak om Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)