Nij skip seefeartskoalle

© Omrop Fryslân
De seefeartskoalle yn Harns krijt in nagelnij opliedingsskip. It kasko is boud yn Roemenië fanwege de lege kosten. It skip komt ynkoarten nei Nederlân om fierder ôfboud te wurden. Dêrmei hat de seefeartskoalle mei inoar trije opliedingsskippen.
It giet om in ynvestearring fan 3,5 miljoen euro. Dat is mei help fan Rykssubsydzje by inoar brocht. It nije skip, mei de namme Prinses Máxima, sil fan de nijste techniken foarsjoen wêze.