Bijstra(VVD) begrypt Verdonk net

17 maaie 2006 - 16:34

It ynlûken fan de Nederlânske nasjonaliteit fan Hirsi Ali troch minister Verdonk is ûnbegryplik foar de fraksjefoarsitter fan de Fryske VVD, Tine Bijstra. De opskuor yn de partij komt tige ûngelokkich.

De Fryske fraksje is no krekt dwaande mei de tarieding foar de steateferkiezings fan maart takom jier. Minister Verdonk hat tiisdei yn in spoeddebat útlis jaan moatten oer de kwestje fan Ayaan Hirsi Ali.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)