MC Remon tsjin belied Verdonk

© Omrop Fryslân
Rapper Remon de Jong hat in rap makke foar in generaal pardon en tsjin it belied fan minister Verdonk. Hy hat it lied "Tel Af", makke yn opdracht fan de gearwurkende flechtlingeorganisaasjes yn Nederlân. De single is ûnderdiel fan de kampanje 'Aftellen tot het pardon'.
De kampanje freget omtinken foar asylsikers dy't ûnder de alde wet yn Nederlân kaam binne en no, nei jierren, bedrige wurde mei útsetting.