De Vries werom nei Ingelân

17 maaie 2006 - 14:40

Hearrenfeanspiler Mark de Vries giet nei in heal jier wer werom nei Leicester City. De 30-jierrige spits waard yn de winterstop hierd fan de Ingelske klub, neidat Klaas Jan Huntelaar en Georgios Samaras fuort gongen. Troch in blessuere kaam er lykwols net in soad oan spyljen ta.

Yn totaal kaam er alve wedstriden foar de Feansters út. Deryn skoarde er trije kear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)