Fertochte mishanneling oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat in man oanhâlden, dy't fertocht wurdt fan swiere mishanneling of besykjen ta deaslach. It giet om in 23-jierrige ynwenner fan De Lemmer. Hy soe dit wykein yn in hoarekagelegenheid op It Hearrenfean in ynwenner fan Bontebok mei in bierglês stutsen ha.
De plysje socht fia de media om tsjûgen. Trije minsken melden har. Troch ferklearrings fan dy minsken koe de plysje de fertochte oanhâlde.