Homomoetingsplak op foto

© Omrop Fryslân
Besikers fan de homo-moetingsplak oan de Tsjûkemar moatte út de anonimiteit helle wurde om de oerlêst oan te pakken. Boargemaster Kuiper wol in befeiligingsbedriuw freegje besikers op de foto en de film te setten.
Ek al binne der al in soad maatregels nommen om de oerlêst oan te bestriden, yn Sint Nyk ha se der mear lêst fan as oare jierren. Kuiper tinkt dat kamera's de manlju pas echt ôfskrikke sille.