Mooglik ûntslaggen by Arriva

© Omrop Fryslân
By it ferfiersbedriuw Arriva op It Hearrenfean driigje ûntslaggen, no't de miljarde-oarder yn Limburch net trochgiet. De ferfierskonsessy foar Noard- en Súdwest-Fryslân wurdt no tige wichtich. Krijt Arriva dy net, dan falle der sa goed as wis ûntslaggen, seit direkteur Hettinga.
De provinsje beslút takom wike oer de konsessy. De oarder yn Limburch hie in moaie opstekker west, mar de put giet no nei it Frânske bedriuw Veolia.