Bosken better beskermje

16 maaie 2006 - 23:38

De bosken fan Beetstersweach moatte better beskermd wurde. Partikuliere eigners, Steatsboskbehear en It Fryske Gea meitsje dêr in takomstplan foar. Mar der moat tagelyk wol romte wêze foar ekonomyske, sosjale en kulturele ûntwikkelings. It giet om it gebiet oan wjerskanten fan it Keningsdjip.

It meitsjen fan it plan kostet 100.000 euro. Dat wurdt opbrocht troch oerheden, natuerorganisaasjes en partikuliere eigners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)