Kursus 'hûnebiten foarkomme'

16 maaie 2006 - 18:44

Skoalbern yn Wolvegea krigen tiisdei les yn it omgean mei húsdieren. Der wie ûnder oare omtinken foar it tefoaren kommen fan in byt fan in hûn. De foarljochting wie yn it Drafsintrum Wolvegea. Der kamen fiifhûndert bern op ôf. De organisaasje fan de foarljochtingsdei lei by in pleatslike bisteklinyk.

De bern kinne op in nije ynternetside nochris neilêze wat se wol en net dwaan moatte by húsdieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)