Takomst Fritom ek selsstannich

16 maaie 2006 - 18:43

Transportbedriuw Fritom út Boalsert hat in konstruksje betocht om ek yn de takomst in selstannich famyljebedriuw te bliuwen.

It probleem mei famyljebedriuwen is dat oandielhâlders harren oandielen meastentiids mar dreech kwytreitsje kinne as se dat wolle. Fritom hat no ôfspraken makke mei de Friesland Bank om sa'n sitewaasje foar te kommen. De bank nimt dêrby in belang fan 25 persint yn Fritom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)