Liemburg wol gjin bemiddeler

© Omrop Fryslân
Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel sjocht neat yn in bemiddeler dy't de relaasje tusken har en de riedsfraksjes ferbetterje moat.
Liemburg fynt dat de polityk yn har gemeente net goed funksjonearret. De partijen nimme har dy krityk kwea-ôf. Liemburg hat de partijen moandei op in riedsgearkomste tasein nei te tinken oer hoe't har relaasje mei de partijen ferbettere wurde kin.