Sleat wol nijbou

16 maaie 2006 - 18:42

Sleat hat ferlet fan nije wenten en mear toeristen, skriuwt Pleatslik Belang yn in takomstfizy oan it gemeentebestjoer. De toeristen binne nedich om it tal winkels op peil te hâlden. Der soene mear aktiviteiten en arranzjeminten komme moatte.

De bou fan nije wenten stiet heech op it ferlanglistke fan de stêd, mar dat kin net samar by in museumstedsje. It sicht op de monumintale gebouwen mei nammentlik net bedoarn wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)