Flierren sporthal te glêd

16 maaie 2006 - 16:55

De flierren yn de sporthallen fan Bûtenpost en De Harkema moatte opknapt wurde. Dat docht bliken út ûndersyk fan in spesjalisearre buro.

It giet om de sporthallen De Houtmoune en De Fûgelkamp. Sporters kinne troch de glêdens maklik falle. Foaral as se skuon ha sûnder profyl derûnder. It gemeentebestjoer fan Achtkarspelen sil sjen nei de mooglikheden om de flierren op te knappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)