Himpkwekerij yn Koartehimmen

16 maaie 2006 - 16:27

Yn Koartehimmen is tiisdeitemoarn in grutte himpplantaazje oprôle. De plysje hat dêr yn in gebou dat ferhierd waard twatûzen planten oantroffen. Op it stuit fan de ûntromming wie der gjinien yn it gebou oanwêzich. Der binne ek noch gjin fertochten oanhâlden.

De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei in anonime tip. De kwekerij is ûntmantele en der wurdt ûndersyk dien nei de eigner fan it gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)