Iepenloftspul Burgum: Kakao

16 maaie 2006 - 11:03

It iepenloftspul fan Burgum bringt dizze simmer Kakao. In stik is ynspirearre op de ferneamde Frânske film Chocolat mei Juliette Binoche. De premjêre is op 20 juny.

Kakao giet oer de moaie Rosanne Pannard dy't yn it Frânske doarpke Belcourt in bonbonwinkeltsje iepenet. Se makket foar alle bewenners bonbons dy't oanslute op harren persoanlike smaak. Dêrmei iepenet se de herten fan de doarpsbewenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)