Te moaie beklaaiing by Doeksen

16 maaie 2006 - 10:19

Rederij Doeksen oerwaget de stoffen beklaaiing op de banken yn de nije fearboat Flylân al wer te ferfangen. De passazjiers soene net foarsichtich wêze mei it materiaal, sadat de beklaaiing no al tige smoarch is.

Doeksen krige moandei in prestizjeuze priis foar it ûntwerp fan it ynterieur fan De Flylân. Dat waard makke troch in designburo út Eindhoven. It ynterieur fan de nije boat ûnderskiedt him tige fan dat fan oare fearboaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)