Tsjinslach foar Broeretsjerke

16 maaie 2006 - 09:49

De restauraasje fan de Broeretsjerke yn Boalsert rint mooglik flinke fertraging op. Ien fan de problemen is de glêzen kap, dêr't de ôfrûne tiid skuorren yn ûntdutsen binne.

It bedriuw Octatube út Delft hat de glêzen konstruksje makke en is der fan oertsjûge dat de ûnderoannimmer in flater makke hat. Mar dy wiist de beskuldiging fan 'e hân. Meikoarten sil Octatube it kapotte ferfange troch nij glês.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)