Bus fol sike skoalbern

15 maaie 2006 - 23:15

Tolve bern fan it Lauwers College út Surhústerfean binne sneon yn Dútslân siik wurden yn de bus werom nei hûs ta. Der bruts panyk út doe't de ien nei de oar derhinne foel.

De helptsjinsten binne derby roppen en de sike bern binne nei it sikehûs brocht. De artsen tinke dat se troch waarmte, min iten en wurgens begûn binne te hyperventilearen. Ut tests soe bliken dwaan dat der gjin drank of drugs yn it spul wêze wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)