Huntelaar net nei WK

© Omrop Fryslân
Klaas Jan Huntelaar sit net by de seleksje fan Marco van Basten foar it WK-fuotbaljen yn Dútslân dizze simmer. Van Basten makke syn definitve kar snein bekend. Ek Castelen, Opdam, De Jong en Boateng foelen noch ôf.
Huntelaar en Castelen binne taheakke oan Foppe de Haan syn Jong Oranje. Dat spilet fan 23 maaie ôf yn Portugal op it EK fuotbaljen. Om't Waterman en Drost blesseard binne, spylje der gjin Feansters mei by Jong Oranje.