Priis foar Fryske kapper
Kapper Johan de Wit fan kapsalon K&K Kappers yn Ljouwert is snein twadde wurden by de Coiffure Awards yn Hilversum. De Coiffure Awards binne prizen foar de bêste kappers en hierstylisten yn ferskate kategoryen.
De Wit krige de priis yn de kategoary Dames Noard-Nederlân. Twa kollega's fan De Wit wiene ek nominearre, mar sy foelen net yn de prizen. De Coiffure Awards waarden snein foar de fyftjinde kear hâlden.