Zonderland net yn finale

15 maaie 2006 - 13:49

Epke Zonderland is sneon yn de foarronde fan de wrâldcupwedstriden yn it Belgyske Gent as njoggende einige op syn favorite ûnderdiel de rekstôk. Dêrom mocht er snein net meidwaan oan de finale.

Allinnich de earste acht plakken joegen rjocht op in finaleplak. Zonderland wie wol earste reserve, mar der foelen snein gjin turners ôf. It toernoai yn Gent hie in sterk beset dielnimmersfjild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)