Bruorrehelp foar Zambia

© Omrop Fryslân
Fjouwer Fryske bruorren binne moandei yn it fleantúch nei Zambia stapt, om dêr yn seis wike in mienskipsgebou te bouwen. It giet om Durk, Willem, Herman en Klaas Bouma, allegear berne yn Nijlân.
It mienskipshûs wurdt boud yn Kaoma, 420 kilometer fan Lusaka. Yn Kaoma wennet noch in oare broer, Johannes Bouma, dy't dêr pater is. De lêste moannen is der foar it gebou 90.000 euro ophelle ûnder freonen en bekenden.