Trije ferwûnen by Warkum
Yn Warkum binne snein trije minsken ferwûne rekke by in oanriding. In man fan 61 út Warkum ride de Sudergoawei op, sûnder foarrang te jaan oan in auto dy 't bestjoerd waard troch in man út Wynjewâld.
By de oanriding rekken beide autobestjoerders en de passazjier fan de Wynjewâldster ferwûne. Sy moasten mei de ambulânse nei it sikehûs.