Boek skiednis De Harkema populêr
It boek oer de skiednis fan de Harkema is no al útferkocht. It waard sneon presenteard. It boek is skreaun troch Hendrik Land fan de Harkema en de earste oplaach bestie út 150 eksimplaren. It giet oer de skiednis fan de streek, fan 1200 oant likernôch 1960.
No't de earste oplaach sa gau al útferkocht is, komt der in twadde druk, hat de skriuwer sein.