Oanpast plan Kenniscampus

© Omrop Fryslân
It plan foar trije studinteflats yn Ljouwert wurdt yngripend oanpast. Dit om omwenners yn de mjitte te kommen. Dy ha grutte problemen mei de komst fan de flats op de Kenniscampus fan de hegeskoallen yn Ljouwert.
Plan is no om ien fan de flats te ferhûzjen en de oaren in ferdjipping leger te meitsjen. Omdat it tal wenten gelyk bliuwe moat, wurdt no mear boud oan de Rengersleane.