Steigenga wint Oerterp

© Omrop Fryslân
Sierd Steigenga fan Eksmoarre wûn sneontejûn it earste kritearium op Fryske grûn: de Ronde fan Oerterp. Steigenga kaam nei 80 kilometer solo oer de einstreek. Syn ploechmaat Martijn Lust (Heerhugowaard) waard twadde, Richard Kooijman (Winkel) tredde.
Dizze trije hurdfytsers hiene mei Lieuwe Westra fan Mûnein en Nathan Lootsma fan Ljouwert de koers foar fierwei it grutste part kleur jûn.