Zeerobben kampioen 2e klasse K

© Omrop Fryslân
Zeerobben is sneon yn Starum kampioen wurden yn de twadde klasse K. De Harnzer fuotbalploech wûn syn lêste wedstriid mei 0-1 fan QVC. Konkurrint de Ljouwerter Sweltsjes wûn mei 0-1 fan de Fryske Boys, mar waard mei twa punten efterstân twadde.
Oeversweltsjes waard kampioen yn de tredde klasse A. De Koudumers wûnen oertsjûgjend har lêste wedstriid mei 0-3 fan Tonego. Dolsterhuzen en Nijlân koene har net mear ynhelje.