Shaboon wint Slach om Wâldrock

© Omrop Fryslân
De Drachtster band Shaboon is dit jier de Fryske iepener op Wâldrock. Freedtejûn waard yn poppoadium Iduna yn Drachten de Slach om Wâldrock holden. Fjouwer Fryske bands diene dêr oan mei. Njonken Shaboon wiene dat Escadron, Methusalem en Greyline.
De faksjuery én it publyk keazen foar Shaboon as winner. Methusalem waard twad. Dy band sil dit jier spylje op de pre-party op de freed foar Wâldrock yn diskoteek Quatrebras.