Noch gjin kolleezje Menameradiel

14 maaie 2006 - 10:58

Der is noch altyd gjin nij kolleezje yn Menameradiel. Fjouwer partijen diene noch mei oan de ûnderhannelings. Sy ha sneontemoarn ôfpraat dat FNP, GrienLinks en PvdA mei inoar fierder prate. It CDA docht net mear mei.

De sân partijen yn de ried ha al moannen spul oer de kolleezjefoarming. Earder spatten de ûnderhannelings út inoar op de ynfolling fan de wethâldersposten. Mooglik duorje de ûnderhannelings de hiele wike noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)